Auto tsjin beam by Ingelum

20 jul 2008 - 15:53
  • De swier skansearre auto (Alex Zwart)

Fjouwer ynsittenden fan in auto binne sneintemoarn ferwûne rekke neidat se by Ingelum tsjin in beam riden wiene. De 29-jierrige bestjoerder rekke op de Sirtema de macht oer it stjoer kwyt en ried tsjin in beam oan. Dêrnei kaam de auto yn in sleat ta stilstân.

Ien fan de passazjiers koe sels net út de auto komme en waard troch de brânwacht befrijd. Alle ynsittenden binne nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)