Auto te wetter: ynsittenden doarre der net út te kommen

15 apr 2016 - 22:17

Op de Dammen yn Drachtsterkompenije is freedtejûn in auto te wetter rekke. De beide ynsittenden hiene gjin ferwûnings, mar doarden net selsstannich út de auto te kommen. De brânwacht hat se hjirby holpen.

De korpsen fan ûnder oaren Oerterp en Burgum waarden oproppen. Ek de ambulânse kaam te plak. Oer de oarsaak fan it ûngelok is noch neat bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)