Auto te wetter yn Grou

28 apr 2008 - 15:12
  • De bestjoerster koe troch it rút út de auto komme

Op'e Suderkade yn Grou is moandeitemiddei in auto mei dêryn in frou te wetter rekke. De frou sette by it fuortriden de auto yn de ferkearde fersnelling en rekke te wetter.

In buerbewenster is gelyk yn it wetter sprongen. It slagge lykwols net om de frou út de auto te heljen, omdat de doar op slot siet. Omstanners op'e kant hawwe de bestjoerster ferfolgens oanwizings jûn om it rút iepen te draaien, sadat se út de auto komme koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)