Auto te wetter yn Drachten

14 jan 2014 - 20:42
  • It buske wurde út it wetter by de Loswâl takele

Op de Loswâl yn Drachten is tiisdeitejûn in buske te wetter rekke. De auto lei sa'n fiifentwintich meter fan de kant ôf en is sonken. Dûkteams fan de brânwacht ha ien persoan út de auto helle. It slachtoffer is reanimearre en nei it sikehûs brocht. Ek de traumahelikopter fan it Mobiel Medisch Team waard ynskeakele. Oer de tadracht fan it ûngelok is noch neat bekend.

Earder op de jûn die de meldkeamer fan de plysje in berjocht út oer it bewuste buske. Dat wie doe stellen by in bedriuw yn Winsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)