Auto te wetter yn Drachten

12 mrt 2012 - 10:17

Twa fuotgongers hawwe sneintejûn in 76-jierrige automobilist út Drachten en syn 85-jierrige passazjier út it wetter helle. Troch noch ûnbekende oarsaak wie de man op de Berchleane mei de auto yn it wetter rekke.

De bestjoerder en syn passazjier rekken net ferwûne en koene mei help fan de beide fuotgongers op de kant komme. Se binne troch ambulânsepersoniel nei hûs ta brocht. In bergingsbedriuw hat de auto út it wetter weihelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)