Auto te wetter by Snits

03 des 2007 - 15:09

By de noardelike Stedsrûnwei fan Snits is moandei in auto te wetter rekke. De 67-jierrige bestjoerder is mei swiere ferwûnings nei it Antoniussikehûs yn Snits brocht.

Omstanders dy't it seagen, binne fuortdalik it wetter yn gien om de bestjoerder te helpen. Trije helpers binne sels ek ûnderkuolle rekke. It ûngelok barde op de hichte fan de Snitser wyk Oudvaart. Hoe't de auto te wetter reitsje koe is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)