Auto te wetter by Parregea

22 jun 2009 - 10:15

Yn Parregea binne yn de nacht fan snein op moandei twa manlju ferwûne rekke. Se wiene mei harren auto yn in sleat oan de Trekwei bedarre. De plysje fûn ien fan de twa mannen op it dak fan de auto. Hy hie ferwûnings oan syn holle en skonken. De oare lei yn 'e berm. Dy wie ferwûne oan syn holle. Der siet noch in man yn de auto. Dy rekke net ferwûne.

De beide ferwûne mannen binne mei in ambulânse nei it sikehûs oerbrocht. Mooglik is der alkohol yn it spul.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)