Auto te wetter by Ginnum

18 sep 2006 - 10:13

In automobilist út de gemeente Ferwerderadiel is snein by Ginnum te wetter rekke. De man hat syn libben mooglik te tankjen oan omstanners, dy't de auto mei in takel fan in leanbedriuw fuort út it wetter hellen.

De bestjoerder koe net dúdlikmeitsje oft der mear minsken yn de auto sieten. De brânwacht hat de sleat ôfsocht, mar der waard gjinien fûn. De man is oerbrocht nei it sikehûs. Hy wie nei alle gedachten ûnder ynfloed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)