Auto te wetter by Donkerbroek

06 jan 2010 - 10:21

In 39-jierrige automobilist út Diever is tiisdeitejun by Donkerbroek mei de auto yn de Opsterlânske Kompanjonsfeart rekke. De man moast útwike foar in frachtwein dy't op de ferkearde weihelte bedarre wie.

Troch de glêdens bedarre de auto fia de berm yn it wetter. De bestjoerder koe sels út de auto komme en rekke net ferwûne. Ek de frachtwein kaam yn de berm ta stilstân. De 64-jierrige sjauffeur út it Dútske Bremen kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)