Auto te wetter by De Lemmer

21 okt 2007 - 16:00

In automobiliste (63) út Hylpen is sneon yn it wetter rekke by De Lemmer. In automobilist (41) út Lelystêd ried oer de Strjitwei yn de rjochting fan it krúspunt mei de Rûnwei. Ut eastlike rjochting kaam de frou oanriden.

Op it krúspunt Strjitwei-Rûnwei joech de man gjin foarrang oan de frou. Syn auto botste tsjin de sydkant fan har auto. Dy sloech oer de kop en rekke yn de sleat. De man hie tefolle dronken. De frou hat in harsenskodding oprûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)