Auto sûnder bestjoerder fûn

29 jun 2007 - 10:21

Op de ventwei neist de N31 by Midlum waard fannacht by de Keningsbrêge in auto sûnder bestjoerder oantroffen. De foarkant fan de auto wie hielendal fernield, de airbag wie útklapt en der rûn oalje oer de strjitte. Ek wie der in ferkearsljocht fernield. De auto is fuort sleept.

De plysje hat in besite brocht in de eigner fan de auto, in 33-jierrige Harnser. Ut in blaastest die bliken dat de man net tefolle dronken hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)