Auto slipt en knalt op in beam

16 mrt 2010 - 09:52

Op it Wyldpaed West yn Twizelerheide is moandei in man út Twizel ferwûne rekke, doe't hy mei syn auto tsjin in beam ried. De man bedarre earst mei it tsjil fan syn auto yn de berm. De man stjoerde werom, mar op de dyk wie it krekt glêd troch benzine of oalje.

De man rekke de kontrôle oer de auto kwyt. Hy hie ferwûnings oan de foet, it boarst en de earm en is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)