Auto slacht oer de kop op de A7 by Terwispel

30 aug 2015 - 16:24
  • Auto oer de kop op A7

Op de A7 by Terwispel is sneintemiddei in auto oer de kop slein. Dy ried yn de rjochting fan De Jouwer. De auto kaam yn de middenberm ta stilstân. De sjauffeur is troch ambulânsepersoniel behannele. Der is fierders neat bekend oer syn tastân en oft de persoan nei it sikehûs oerbrocht is.

De linkerbaan fan de A7 op it stik Drachten-De Jouwer moast ôfsluten wurde fanwege it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)