Auto sjit de berm yn by Marsum

28 maaie 2011 - 14:45
  • Foto: Aise van Beets

Wylst plysje en brânwacht freed op de A31 by Marsum yn de berm in automobiliste mei pech holpen, fleach dêr in twadde auto de berm yn. De plysjeminsken hearden in knal en skeaten de bestjoerster te help. De frou fan 66 út Frjentsjer fertelde dat se fan achteren oanriden wie, doe't se fan de rjochter nei de linkerbaan gie.

De frou is mei ferwûnings oan nekke en rêch nei it sikehûs fan Ljouwert brocht. Nei de oarsaak fan it ûngelok docht de plysje noch ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)