Auto sjit by Boyl oer sleat nei botsing

31 okt 2015 - 11:12

By in botsing by Boyl is sneontemoarn ien fan de auto's troch de klap oer in sleat hinne sketten. De botsing wie op de krusing fan de Boschoordwei en de Alteveerswei. De ynsittenden fan de auto's binne troch ambulânsemeiwurkers kontrolearre, mar mankearren eins neat. Beide auto's binne fuortsleept troch in bergingsbedriuw. It is noch ûndúdlik wat de oarsaak fan de oanriding west hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)