Auto rydt yn op man by rûzje

20 aug 2003 - 00:00

By in rûzje yn Twizelerheide is tiisdei in auto ynriden op in 23-jierrige Westereinder. Yn 'e auto sieten in man út Kollumerseach en ien út Sweagerbosk. Se hiene eefkes dêrfoar spul krige mei de Westereinder. De ynwenner fan 'e Westerein rûn ferwûnings oer syn hiele lichem op en is opnaam yn it sikehûs. De twa dieders naaiden nei de oanriding út, mar koene letter oanhâlden wurde. Se sitte noch fêst. De saak is yn ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)