Auto rydt twa famkes oan

04 jun 2010 - 10:00

In automobilist is woansdeitejûn trochriden neidat er yn Drachten twa famkes oanriden hat. De famkes fan 17 en 18 jier woene op de Boargemaster Wuitewei by De Lawei oerstekke nei it Súd, doe't de automobilist de famkes mei hege snelheid oanried. De famkes foelen en de auto ried hurd om de famkes hinne. Se binne mei lichte ferwûnings oan 'e holle en rêch nei it sikehûs ta brocht. De plysje is op syk nei de automobilist.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)