Auto rydt tún yn

09 okt 2011 - 12:16
  • De Tike

By in ûngelok yn De Tike is sneontenacht in automobilist de tún fan in wenning oan de Master Iniawei ynriden. Doe't de plysje derby kaam, waard net ien oantroffen. Fia in mobile tillefoan yn de auto koe de eigner fan de wein opspoard wurde.

De 20-jierrige frou út Eastermar fertelde de plysje dat se mei twa freonen nei it doarpshûs riden wie. Dy hiene de auto sûnder har tastimming meinaam. De frou hat oanjefte dien fan joyriding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)