Auto rydt feart yn by Oerterp

09 aug 2012 - 11:02
  • Oerterp

De plysje docht ûndersyk nei in oanriding yn Oerterp op woansdei. Troch noch ûnbekende oarsaak ried in 77-jierrige automobilist út Oerterp in sleat yn dy't neist de dyk leit. Dêrby rekke sawol de bestjoerder as de byrider beknypt. De man en de frou binne troch omstanners út de auto helle. Sy binne mei ûnbekend letsel oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten. De bestjoerder fan de auto is syn rydbewiis kwytrekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)