Auto rydt fan talúd Wâldwei

04 maaie 2009 - 14:22
  • De auto bedarre op 'e sydkant yn in droege sleat (foto: Anton Kappers, nieuwsuitfrieslan.nl)

Fan de fjouwer ynsittenden fan in auto dy't sneintemiddei op de Wâldwei by Drachten fan in talúd ried, lizze der noch twa yn it sikehûs. It giet om in frou (42) út Eastermar en har soan (13). De heit en in berntsje fan trije koene nei behanneling it sikehûs ferlitte.

De auto fan de fjouwer rekke snein fan it talúd doe't de heit troch ûnbekende oarsaak mei de rjochter tsjillen yn 'e berm kaam en dêrnei de macht oer it stjoer ferlear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)