Auto rydt famke (13) oan

01 des 2011 - 11:25

In famke fan 13 jier út Frjentsjer is woansdei ferwûne rekke by in oanriding op de Harnzerwei yn har wenpak. Sy stuts fan it fytspaad ôf de dyk oer en seach nei alle gedachten in auto oer de kop. De bestjoerder fan dy wein koe it famke net mear ûntwike en in botsing folge.

It famke is nei it sikehûs fan Ljouwert brocht. Ferskate tsjûgen fan it ûngelok wiene sa kjel wurden, dat se slachtofferhelp krigen hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)