Auto rydt de sleat yn op de N31 by Penjum

08 apr 2016 - 06:53
  • De bestjoerder bedarre yn de sleat op de N31 by Penjum

In automobilist is freedtemoarn op de N31 by Penjum mei syn auto yn it wetter rekke. Hy kaam troch noch ûnbekende oarsaak yn in sleat telâne.

De bestjoerder koe sels út de auto komme. De brânwacht hat him mei in ljedder nei de kant helle. Dêrnei is er mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)