Auto riidt tsjin peal lâns A32

28 feb 2001 - 17:31

In man út Easterstreek (39) en in ynwenner fan Noardwâlde (20) binne tiisdei ferwûne rekke by in oanriding. Se sieten by in oare Noardwâldster (44) yn 'e auto dy't tsjin in ljochtmêst oanried op de sneldyk by Wolvegea.

De manlju binne troch de brânwacht út de auto helle en oerbrocht nei is sikehûs op It Hearrenfean. De oarsaak fan it ûngelok is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)