Auto ridendeweis yn 'e brân

30 jun 2001 - 00:00

It ferkear op rykswei A7 by Nijlân is freed koarte tiid stillein fanwege in autobrân. In bestjoerder fan 37 út Harns seach ridendeweis reek ûnder de motorkap weikommen.

De man sette syn auto gau op 'e flechtstreek del. Fanwege eksploazjegefaar en de reekûntwikkeling hâlde de plysje it ferkear op beide rydbanen tsjin. De branwacht hat it fjoer útmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)