Auto rekket fan de dyk op de N381 by Wynjewâld

03 des 2015 - 07:35
  • De auto kaam yn in stik lân oan de Bûtewei by Wynjewâld ta stilstân

In bestjoerder is tongersdeitemoarn by Wynjewâld mei syn auto fan de N381 ôfsketten. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke de man fan de dyk, skeat troch in sleat hinne en kaam yn in stik lân oan de Bûtewei ta stilstân.

De brânwacht en in ambulânse waarden ynsetten. Sa't it no liket, hat de bestjoerder allinnich pine yn 'e holle oerholden oan it ûngelok. Syn auto rekke swier skansearre.

It ferkear op de N381 hie fierder gjin lêst fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)