Auto ramt winkel yn Damwâld

15 aug 2006 - 21:31

In 78-jierrige autobestjoerder út Rotterdam hat moandei yn Damwâld foar nochal wat skea soarge. De man soe yn de Conradi Veenlandstraat in parkearhaven ynride, mar yn plak fan te remjen joech er gas.

De Rotterdammer ramde de auto fan in Damwâldster en trije fytserekken. Uteinlik kaam er tsjin in winkelmuorre ta stilstân. Beide auto's en de winkel hiene flinke skea. De 78-jierrige bestjoerder kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)