Auto oplade yn parkeargaraazje

07 okt 2014 - 17:24
  • Elektrysk proefride koe sneon op trije plakken

Elektryske auto's kinne fan dizze wike ôf opladen wurde yn ferskate parkeargaraazjes yn Ljouwert. Yn de garaazjes Saailân, Oldehove en de Klanderij binne oplaadpunten kaam. De gemeente Ljouwert hat hjirfoar jild beskikber steld oan de Stichting Parkeergarages.

Ljouwert wol it duorsum en elektrysk riden sa oantreklik mooglik meitsje. Yn november krijt ek de parkeargaraazje Hoeksterein in oplaadpunt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)