Auto op sydkant rôle

06 sep 2009 - 14:37

Twa jonges út Menaam fan 17 en 18 jier en in 18-jierrige jonge út Dronryp binne yn de nacht fan sneon op snein oanholden troch de plysje. It trijetal wie op it parkearplak fan in útgeansgelegenheid oan it Hemmemaplein yn Berltsum op de die betrape doe't sy in persoane-auto op de sydkant rôlen.

Tsjûgen warskôgen de plysje fia 1-1-2. Doe't de plysje op it plak kaam, koene se de jonges oanhâlde. Se binne oerbrocht nei it buro en ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)