Auto op 'e kop op fytspaad

17 okt 2006 - 11:20

Twa manlju fan 21 en 25 jier út Damwâld binne moandeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok op 'e Haadwei yn De Falom. Se sieten yn 'e auto doe't de 25-jierrige bestjoerder de bocht net hâlde koe.

De auto skeat fan 'e dyk, rekke in pear beammen en bedarre op 'e kop op it fytspaad. De bestjoerder is nei it sikehûs fan Grins oerbrocht, de 21-jierrige ynsittende is nei it sikehûs fan Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)