Auto op de kop yn de sleat tusken Bûtenpost en Boerum

11 apr 2016 - 16:31

By in auto-ûngelok op it Oost tusken Bûtenpost en Boerum is moandeimiddei in auto op de kop yn de sleat belâne. Dêrby rekke ien persoan ferwûne.

De brânwacht, plysje en in ambulânse kamen nei it plak fan it ûngelok om earste help te ferlienen. De ferwûne is dêrnei mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. It is noch net dúdlik hoe't de auto yn de sleat bedarre is. De plysje docht no ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)