Auto op de kop yn de sleat by Hallum

21 apr 2015 - 07:08

By in ûngelok op de Jouwsmabuorren by Hallum is moandeitejûn de bestjoerder fan in auto ferwûne rekke. De auto rekke troch noch ûnbekende oarsaak op de kop yn de sleat. Doe't de helptsjinsten oankamen, wie de bestjoerder al út de auto. Hy is earst opfongen yn de brânwachtauto en letter mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)