Auto op A31 yn fangrail

25 jul 2009 - 09:07

Ferkear op de A31, de sneldyk fan Harns nei Ljouwert, moat rekken hâlde mei fertraging. Der is sneontemoarn in ûngelok bard. Krekt foarby de ôfslach Dronryp is de dyk ôfsletten.

By it iensidige ûngelok is in auto yn de fangrail bedarre. De ynsittenden binne der troch ambulânsepersoniel úthelle. Hoe lang de ôfsluting duorret, is net bekend. De dyk moat troch Rykswetterstaet skjinmakke wurde om't der koelwetter op leit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)