Auto oer kop by It Hearrenfean

22 jun 2006 - 12:27

Op de A7 by It Hearrenfean is woansdei in auto oer de kop slein. Dêrby rekke in 43-jierrige ynsittende fan It Hearrenfean ferwûne. Hy siet yn in auto bestjoerd troch in 27-jierrige man út Ljouwert.

De twa kamen fan de A7 en woene de ôfslach A32 nimme. De auto rekke dêrby fan de dyk en sloech oer de kop. De Hearrenfeanster is mei ferwûnings nei it sikehûs yn syn wenplak oerbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)