Auto oer de kop yn Rottum

10 jun 2007 - 16:20

In ynwenner (28) fan It Hearrenfean is sneontemiddei ferwûne rekke by in ûngemak op de Binnendyk yn Rottum. Hy besocht in auto yn te heljen en seach nei alle gedachten te let dat in oare auto him temjitte kaam.

It slachtoffer wist in botsing foar te kommen, mar rekke dêrby wol mei syn auto yn 'e slip. De auto kaam yn de bjirm, rekke in betonnen piip en gong oer de kop. It slachtoffer is nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)