Auto oer de kop yn Oerterp

09 mrt 2008 - 15:04
  • Foto's makke troch Martijn de Vries

In automobilist (24) út Noordhorn moast sneintemoarn syn rydbewiis ynleverje. Hy wie op de Weibuorren yn Oerterp mei syn auto oer de kop slein. Hy waard mei de ambulânse nei it sikehûs yn Drachten brocht.

De man moast dêrnei op it plysjeburo in azemanalyze dwaan litte, omdat er dronken hie. De útslach wie 640 ug/l. Dêrnei moast er syn rydbewiis ynleverje en waard der proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)