Auto oer de kop yn Garyp

21 maaie 2005 - 16:22

By in ûngelok yn Garyp is freedtemiddei in autobestjoerder út Gytsjerk (36) ferwûne rekke. De man ried oer de Sigerswâld en gong oan de kant foar in auto dy't him yn 'e mjitte kaam. De bestjoerder ferlear yn de berm de macht oer it stjoer. De auto gong oer de kop en kaam yn in sleat ta stilstân.

De brânwacht moast de man út syn auto helje. It slachtoffer hie ferskate ferwûnings en waard oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)