Auto oer de kop by ûngelok Bantegea

05 jun 2015 - 15:55
  • It ûngelok by Bantegea freedtemiddei

By in ûngelok op de Ringvaart by Bantegea is freedtemiddei in echtpear út dat plak licht ferwûne rekke. It stel siet yn in auto dy't oanriden waard troch in oare autobestjoerder út Bantegea. De slachtoffers rieden op de Otterwei rjochting Grietendyk.Op de krusing mei de Ringfeart seach de feroarsaker de auto oer de holle. De auto sloech oer de kop en bedarre sawat yn it wetter. De man hie neat, de frou hie lêst fan de holle en nekke. Rykswettersteat is ynskeakele, omdat de auto disel lekte yn it wetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)