Auto oer de kop op sneldyk A7

09 sep 2014 - 22:37

Op de sneldyk A7 is tiisdeitejûn by Drachtsterkompenije in auto oer de kop slein. Ien persoan, in 23-jierrige ynwenner fan Marum, rekke ferwûne en moast mei de ambulânse nei it sikehûs.

De auto ried mei hege faasje op de sneldyk achterop in trekker mei oplizzer. Dêrtroch sloech de auto oer de kop en kaam yn de berm telâne. It die bliken dat de bestjoerder, ek in 23-jierrige ynwenner út Marum, dronken hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)