Auto oer de kop op 'e Wâldwei

23 apr 2010 - 09:49

In frou (45) út Drachten is tongersdei ferwûne rekke neidat se op de Wâldwei mei de auto oer de kop sloech. De frou ried om healwei seizen op de Wâldwei by Drachten, doe't in noch ûnbekende swarte auto har ôfsnijde. De frou rekke yn in slip, sloech oer de kop en bedarre njonken dy dyk yn 'e sleat. Oare automobilisten ha har út de auto holpen.

De frou wie ûnderkuolle en is mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)