Auto oer de kop op de A7 by Terwispel

02 nov 2015 - 06:11

In automobilist is sneintejûn mei de auto oer de kop slein op de A7 by Terwispel. De auto kaam yn in sleat telâne. De brânwacht hat it slachtoffer út de auto helle.

Hy is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. It ûngelok barde yn de rjochting fan Drachten. It wie sneintejûn tige mistich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)