Auto oer de kop op A7

08 jan 2012 - 13:52

Op de A7 by Lúkswâld is sneontemoarn betiid in 38-jierrige Dokkumer mei de auto oer de kop slein. Syn auto wie begûn te slippen en rekke doe de fangrail fan de middenberm. Dêrnei sloech er oer de kop, rôle troch en kaam wer op de tsjillen terjochte.

De man waard foar kontrôle nei it sikehûs brocht. Dêr die bliken dat er tefolle dronken hie. Boppedat hie er gjin jildich rydbewiis en ek noch in boete iepen te stean. Neidat er dy betelle hie, koe er mei in proses-ferbaal wer nei hûs ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)