Auto oer de kop op A31

09 apr 2006 - 17:08

In 26-jierrige automobiliste út Frjentsjer is sneon oan 'e ein fan de middei mei har auto oer de kop slein. De frou ried mei har 1-jierrich berntsje oer de Rykswei A31 nei Marsum. Se waard ôflaat en botste tsjin de fangrail.

Doe't de frou korrizjearje woe, sloech de auto oer de kop en kaam tsjin de fangrail oan de oare kant ta stilstân. De frou koe sels út de auto komme. Se is mei har berntsje nei it MCL brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)