Auto oer de kop oan de foet fan seedyk by Marrum

13 maaie 2015 - 11:42
  • De auto gie oer de kop nei in botsing mei in peal....

Op it paad by de seedyk del by Marrum is woansdeitemoarn in auto op de kop bedarre. De bestjoerster rekke dêrby ferwûne. Se ferlear nei alle gedachten de macht oer it stjoer en is oanslutend tsjin in peal botst. Troch de klap gie de auto oer de kop.

De 28-jierrige bestjoerster út Blije is mei ferskate ferwûnings nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)