Auto oer de kop en yn 'e tún

27 sep 2007 - 10:42

De brânwacht hat tongersdeitemoarn yn aksje west by in ûngelok by Bitgummole. In frou fleach dêr troch in noch ûnbekende oarsaak mei har auto oer de kop en bedarre yn in tún.

Omdat se net sels út de auto komme koe en omdat der bensine út de tank rûn, waard de brânwacht ynskeakele. Dy hoegde úteinlik allinne mar har gordel troch te snijen. De frou rekke net ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)