Auto mist bypass: yn 'e sleat

20 sep 2007 - 09:56

By de rotonde fan de Jouwer is tongersdeitemoarn betiid in man mei syn auto yn 'e sleat riden. It ûngelok barde njonken de bypass De Lemmer - It Hearrenfean. De sjauffeur is mei ferwûnings oan 'e holle nei it sikehûs oerbrocht foar fierder ûndersyk.

De oarsaak fan it ûngelok is ûnbekend. It ferkear op de rotonde hat in skoft hinder hân fan it ûngefal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)