Auto mei hynstetrailer swier skansearre troch ûngelok

12 jan 2016 - 10:54

De plysje siket de bestjoerder fan in auto mei in hynstetrailer derachter, dy't moandeitejûn ferûngelokke is op de Oude Willem by Appelskea. De kombinaasje rûn troch it ûngelok grutte skea op. It hynder yn de trailer kaam neffens de plysje mei de skrik frij. De bestjoerder naaide nei it ûngelok út.

De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok. De helptsjinsten hawwe de hiele nacht dwaande west om de twa wrakken op te romjen en de dyk wer frij te meitsjen foar it ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)