Auto mei fiif man oer de kop

26 des 2009 - 11:54

In auto mei fiif minsken is freedtemiddei op de A31 by Dronryp oer de kop slein. Troch de glêdens rekke de 23-jierrige Grinzer dy't achter it stjoer siet, yn in slip. De auto bedarre yn de berm en gie oer de kop.

Twa ynsitters, in 59-jierrige frou út Frjentsjer en in 21-jierrige man út Utrecht, binne mei de sike-auto nei it MCL yn Ljouwert brocht. De bestjoerder en twa oare ynsitters kamen der sûnder ferwûnings ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)