Auto mei 8 minsken oanholden

17 jan 2010 - 15:00

Op de sneldyk A32 by Teridzert hat de plysje sneintemoarn betiid in auto mei acht minsken oanhâlden. De acht wiene behelle yn in fjochtpartij by in kroech yn de Kerkstraat op It Fean. Se naaiden út yn in Fiat Brava. Op de sneldyk binne se oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo.

Om't der gjin slachtoffers en tsjûgen wiene mochten sân fuortdaliks wer gean. In 19-jierrige Wolvegeaster hie lykwols falsk jild yn besit en waard fêst set. It jild is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)