Auto kroanprins yn Ljouwert

07 feb 2012 - 16:17

De auto fan kroanprins Willem-Alexander is tiisdeitemiddei yn Ljouwert sjoen. Allinnich de sjauffeur siet yn de auto. Wêr't Willem-Alexander sels wie, is net bekend. Mooglik hat hy in stik fan de Alvestêderûte riden.

De kroanprins ried de Alvestêdetocht yn 1986 ûnder de namme W.A. van Buren. De keninginne wie doe by de finish. Oft leden fan it keninklik hûs no by de tocht binne, as dy trochgean soe, is noch net bekend. De RVD wol gjin reaksje jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)