Auto komt op de kop ta stilstân tsjin in beam by Koudum

27 mrt 2016 - 20:01

Op de Nieuweweg by Koudum is snein in auto oer de kop slein en tsjin in beam ta stilstân kaam. Der soe ien ferwûne wêze, sa meldt 112Fryslân. Dizze persoan is mei de traumahelikopter oerbrocht nei it MCL yn Ljouwert. Ek ambulânse, brânwacht en plysje waarden oproppen om te helpen. De oarsaak fan it ûngelok is net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)